De fytsklup
Op 20 juny, 1991, wie Albert Mulder oan it wurk yn ‘e tún fan syn skoanmem oan ‘e Hegedyk. Oan ‘e oare kant fan de Hegedyk wie Wiebe van Roeden mei itselde dwaande. Op in bepaald momint rekken de beide mannen oer de dyk mei elkoar oan ‘e praat en sei Albert, dat er dy middei op ‘e fyts nei Grou woe, wêr’t de betonnen bak fan it akwadukt, dat se bezich wienen dêr te bouwen, teplak brocht wurde soe. Dat like Wiebe ek wol wat en de beide mannen praatten ôf om die middei tegearre nei Grou te fytsen.
Doe ‘t sy dêr oankamen die bliken dat se net de ienigen wienen dy’t dat wol ris sjen woenen. Tusken it folk troffen se nocht fjouwer man út Lûksterhoek. It teplak bringen fan dat diel fan it akwadukt gong tige stadich, Albert makke der wat filmopnamen fan en ek fan de Lûksterhoeksters. Doe waard besluten dat se mei-elkoar mar wer op hûs oan soenen. Albert sie dat hy net itselde paad fan ‘e hinnereis ride woe en de oaren hienen gjin beswier tsjin in tochtsje. De mannen riden doe oer Jirnsum, Terherne en noch wat oare plakken, op hûs oan. Ûnderweis seinen de mannen dat sy dit wol ris wat faker dwaan wûnen. Doe waard besletten om de tongersdei fan de oare wike wer út fytsen te gean. Der waard ôfpraat dat, wa’t mei woe om tsien ûre by de skoalle komme soe. Dy twadde kear wienen se mei in man as fjouwer en it foldie sa goed dat sy ôfpraatten dit tenei elke tongersdei te dwaan. Sa is de fytsklup ûntstien, in klup sûnder bestjûr mar fan mannen dy’t graach fytse meie. Sûnt in pear jier is der ien dei yn it jier dat de froulju ek mei meie en dêr is ek altyd wol belangstelling foar. As de klup kompleet is bin der alve manlju dy’t fytse.